In pystpomp, ek wol faku-pomp neamd, is in hurdplestik buis dy't fakuüm sûge wurde kin mei in pompke. At men de pyst dêryn skoot en dan de buis luchtleech sûget, streamt der mear bloed yn de pyst en ûntstiet der in ereksje. In al besteande ereksje kin sa sterker makke wurde. De ereksje kin men fuortduorje litte troch in ring om de basis fan de pyl te skowen, de saneamde pystring of cockring, dit om foar te kommen dat it bloed werom rint.
Op ynternet wurdt de pomp ek wol oanpriizge as ark om de pyst (bliuwend) langer te meitsjen.